Super Saturday 20-9-2025
Tijnje freget oft de wedstriid fan it twadde frouljusteam nei in oare lokaasje ferpleatst wurde kin fanwegen it doarpsfeest. Is der in Super Sneon yn 'e wurken? Berber tinkt fan wol, en se brûkt al har sjarme om Marinus as skiedsrjochter yn Terwispel te lokjen. Dêrmei is de lêste rimpel útstrijkt, en nei Super Snein yn 'e Earedivyzje hat WTTC dit wykein ek syn eigen Super Sneon!